De aventoeren fan Finn en Zinzi
Wat belibje Finn en Zinzi leuk en spannende aventoeren
- Auteur
-
Tineke de Vries - Struiksma
- Uitvoering
- Paperback
- Genre
- Kinderboeken
- Prijs
- € 16 ,99
- Verzending
- Gratis verzending in Nederland en België
- Levertijd
-
Twee tot vijf werkdagen
(Nederland en België) (Past door brievenbus)
Samenvatting
Finn en Zinzi, twa iikhoarntsjes, prate op in middei ôf om te boartsjen. Se beslute om in eintsje te fytsen. Ûnderweis komme se fan alles tsjin en sa wurdt it in spannende en leuke middei. Bisto benijd nei wat se allegear meimeitsje?
Een deel van de opbrengsten van het boek zal gedoneerd worden aan Kika, Stichting Spieren voor Spieren, en Stichting Hoogvliegers.
Over de auteur
Tineke de Vries-Struiksma (Tsjummearum, 1954) studearre de ynterne oplieding sikefersoarging yn Noard-Burgum en ferpleechkunde oan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Njonken in húshȃlding en in baan wie hantwurkjen ien fan har hobbys. It like har moai om haakte ȗntwerpen, geskikt foar in ferhaal, yn in berneboek te setten. Nei goed 42 jier wurke te hawwen yn ’e soarch begȗn se har earste berneboek te skriuwen. De avonturen van Finn en Zinzi, de Nederlȃnske fersy, wie har debútberneboek. No is itselde ferhaal ek yn it Frysk ferskynd as De aventoeren fan Finn en Zinzi.
Productinformatie
- ISBN
- 9789464686265 / 978-94-646-8626-5
- Uitgeverij
- Boekscout
- Verschijning
- 14-04-2023
- Taal
- Nederlands
- Genre
- Kinderboeken
- Onderwerpen
- Kinderen / tieners: fictie: algemene fictie
- Kwalificaties
- Leeftijdscategorie: vanaf ca. 4 jaar
- Uitvoering
- Paperback
- Pagina's
- 44
- Formaat
- A5
- Illustraties
- Ja
Inkijk
Zinzi seit: ‘Wy komme út de bosk, dy kant hoege we net út.’
‘Ja, do hast gelyk, wy kinne wol nei it doarp fytse. Dȇr komme we net sa faak,’ jout Finn oan.
‘Ja!’ ropt Zinzi bliid.
‘Dȇr wenje minsken mei grutte huzen en auto’s. En dêr stean beammen mei lekkere blȇden en ikels,’ fertelt Finn.
‘Dy ikels binne lekker, jong!’ seit Zinzi bliid.
‘Ja, en fȇst ek nuten, hmm!’ antwurdet Finn.
Yn it doarp oankommen, sjogge se fan alles: auto’s, fytsen, huzen en in soad minsken.
It paad dȇr’t se lȃns fytse, bringt harren nei in grutte tún mei in griis mei wyt hok. Se sjogge dat de doar op in kierke stiet.
‘Sille wy der ris yn sjen?’ freget Finn.
‘Ja, miskien leit der wol wat lekkers, beien of sa,’ seit Zinzi.
As se deryn binne, gean se op syk. Ynienen hearre se de doar tichtklappen.
‘O!’ ropt Zinzi. ‘We sitte opsluten. No kinne we der net út en moatte we hjir miskien wol sliepe fannacht.’
‘Ik sil sjen oft der in gat is dêr’t we derút komme kinne,’ seit Finn.
Zinzi stiet foar it finster mei triennen yn ’e eagen. Ynienen sjocht se in kat foarby rinnen.
‘Poes, poes!’ ropt se mei lȗde stim. ‘Kinsto ús helpe, de doar sit ticht.’
‘Och toe, gean dy no net sitten te waskjen, help ús dochs,’ skriemt Zinzi.
De kat heart har net en rint troch.
Dan heart se fuotstappen oankommen. ‘Finn, Finn,’ ropt se, ‘kom gau, wy moatte ús ferstopje. Der komt immen oan.’
Gau ferstopje se harren achter in gerdyn.
Oan de stappen te hearren, is it in man.
Reviews
Er zijn nog geen reviews over dit boek