Voorkant
Voorkant cover
Achterkant
Achterkant cover

Gewoan Ria Gedichten fan gedachten

Auteur

Ria Bron-Landstra

Uitvoering
Paperback
Prijs
19 ,50
Verzending
Gratis verzending in Nederland en België
Levertijd
Twee tot vijf werkdagen
(Nederland en België) (Past door brievenbus)

Samenvatting

Ria iepent har hart en fertelt yn har gedichten hoe’t se tinkt en hoe’t se dingen beleeft. Dêrby is se net bang om it achterste fan har tonge sjen te litten. It is net allinnich mar positiviteit, se lit ek kanten fan harsels sjen wêryn’t se lekker dwers wêze kin, útdaagjend en neitinkend is. Har leven ferrint net altyd perfekt en sa bin har gedichten ek net. Ploppe der sa in pear Nederlânske gedichten op tusken de Fryske en dy lit se stean. Wêrom ek net? Ria hat de kracht fûn om har eigen paad te sykjen. Se fielt har feilich yn har doarp en de omjouwing wêryn’t se wêze mei wa’t se is. In frou dy’t iepen is, net fan hokjestinken hâldt en der soms eigenaardige gewoantes op nei hâldt. Trouwens, dan is se op har best, dan is se gewoan Ria.

Over de auteur

Ria Bron-Landstra (1967) wennet har hiele leven al yn Jobbegea. It doarp, dat ek wol de Kompenije neamd wurdt, syn ynwenners en it Frysk dat hjir sprutsen wurdt, hat se leaf. As trouamtner bruts se har mûle oer it geef Frysk dat se yn har taspraak skreaun hie. Sinds dy tiid skriuwt se yn it Kompenijster Frysk. De taal fan har hart; net perfekt, mar wol dúdlik. Krekt sa’t Ria is. Yn de gedichten dy’t se op Facebook set, beskriuwt se har gedachten en gefoel op sa’n manier dat oaren it herkenne. Se fersammele har gedichten en bundele se tot har boek Gedichten fan gedachten.

Productinformatie

ISBN
9789464503166 / 978-94-645-0316-6
Uitgeverij
Boekscout
Verschijning
02-03-2022
Taal
Nederlands


Uitvoering
Paperback
Pagina's
122
Formaat
16 x 24 cm
Illustraties
Nee

Inkijk

Kompenijster Frysk

De taal fan myn hart
dy’t seit wat ik bedoel
Dy’t simpel uting jout
an myn tinken en gefoel

Gjin geef Frysk wat ik sprek
sommigen fine it in gebrek
't Is miskien net hoe’t it heart
mar ik ha in hart en net in hert

Herten fyn je yn it lân
berntsjes boartsje yn 't sân
Ik sis sol yn plak fan sil
bin net swijsum mar wol stil

Ik libje net mar leef
rydboskje net mar beef
In beuker is in lyts bern
en as ik net win ha ik ferlern

It is hjir net bard mar wol gebeurd
en net ien dy’t dêroer seurt
Ik sis spigel tsjin in spegel
en wurd krigel yn plak fan kregel

Myn gedachten ha ik yn 't sin
en it humeur is wolris min
Eangst is foar my angst
en earlikhied duorret hjir it langst

Harren hûn is by my hun hûn
en sûn is hjir gewoan gesûn
Men loaitert net mar luiert
en stapt net mar men kuiert

Ach, ik lit se mar wat snaterje
sneon is en bliuwt hjir saterje
Ast geliefd bist dan hast gelok
in mantsjegeit is hjir in bok

Krekt as in onbehouwen man
dy lûkt him nergens wat fan an
En seist hjir oant, as oan
ropt men al gau: praat ris gewoan

Bist oppakt en yn finzenskip
dan moatst hjir gewoan sitte
Wy jouwe ek gjin berjocht
mar litte it dy wol witte

It earlapke is hjir in lel
en in spultsje is in spel
Mar hast mei ien wat spul
dan is dy moai de ...

Kompenijster yn hart en siel
myn taal ha ik hjir leard
En werklik, slechts hiel, hiel soms
begrypt men my ferkeard

Ik skriuw dus sa’t ik tink
en ik tink sa as ik bin
Dus dicht ik lekker op syn Ria's
gewoan omdat it kin!

Uw email wordt enkel gebruikt voor overleg over de betreffende review

Wordt getoond bij de review

Er zijn nog geen reviews over dit boek