De aventoeren fan Sopjurk en Drollevanger
- Auteur
-
Durk Hofman
- Uitvoering
- Paperback
- Genre
- Verhalen
- Prijs
- € 17 ,50
- Verzending
- Gratis verzending in Nederland en België
- Levertijd
-
Twee tot vijf werkdagen
(Nederland en België) (Past door brievenbus)
Samenvatting
De aventoeren fan Sopjurk en Drollevanger is in grappich berneboek wat op oare mominten ek wer hiel spannend is. It duo belibbet de wyldste aventoeren op herkenbere plakken yn it lytse húske fan pake en beppe, dy at mei in soad droege humor ferteld wurde.
Over de auteur
“Dyn pyama liket wol in sopjurk en in drollevanger”, seit de freondin fan de skriuwer. “Dat soe in moaie titel wêze foar in berneboek”, laket Durk. Mei dat yn de efterholle begjint er foar de grap ris te skriuwen. En dat slaget him bysûnder goed. Sels sa goed dat se der by Boekscout wol in boek fan meitsje wolle. Tja, en dan wurdt it grapke fansels in hiel ein serieuzer, wêrfan dit it moaie risseltaat is.
Productinformatie
- ISBN
- 9789402239386 / 978-94-022-3938-6
- Uitgeverij
- Boekscout
- Verschijning
- 29-09-2017
- Taal
- Nederlands
- Genre
- Verhalen
- Uitvoering
- Paperback
- Pagina's
- 70
- Formaat
- 12,5 x 20 cm
- Illustraties
- Ja
Inkijk
Mei de kribels yn de búk slûpe se nei de doar ta. Sopjurk pakt de doarkruk beet en sjocht nei Drollevanger. "Witst it seker?", freget er nochris.
"Ja, toe mar", seit dy, mar echt oertsjûgjend komt it der net út. Stikem is hy mar in bangerik! Hiel stadich hellet Sopjurk de kruk nei beneden. Se ha beide gjin idee wat der sich oan de oare kant fan de doar befine sil.
Hiel foarsichtich iepent Sopjurk de doar, lûkt em in stikje oan en loert troch de kier.
"Wat sjochst?", flústert Drollevanger.
"In oare keamer, mar dan lang en smel," flústert Sopjurk werom, "stil no, aanst hearre se ús noch." Se stean op it lytse oerloopke fan it hûs. Der bin inkelt de doar nei de sliepkeamer, noch in oare doar en de trep nei ûnderen. "Wêr sille wy no hinne?", flústert Drollevanger. Nei ûnderen ta? Nee, dat doare se beide net. Stel je foar dat pake of beppe harren sjen soene! Dat soe dochs wol hiel nuver wêze. Dan earst mar ris efter dy oare doar sjen wat dêr te belibjen is. Foarsichtich iepenje se de doar en...

Reviews
Er zijn nog geen reviews over dit boek